Kaptein-luitenant-op-see

In kaptein-luitenant-op-see is in haadofsier fan hege rang yn 'e nasjonale kriichsmacht fan in soad lannen. Dizze rang komt foar by de marine; de ekwivalinte rang by de lânmacht, de loftmacht, de maresjesee en de mariniers is luitenant-kolonel, wylst yn guon lannen de ekwivalinte rang by de loftmacht wing commander is. Ut histoaryske grûn is de oansprektitel fan in kaptein-luitenant-op-see "oerste", en wurdt ek de rang sels wol ynformeel as sadanich oantsjutten.

De rang boppe kaptein-luitenant-op-see is kaptein-op-see, en de ûnderlizzende rang is luitenant-op-see 1e klasse. Dêrmei is kaptein-luitenant-op-see de middelste haadofsiersrang by de marine. De kaptein-luitenant-op-see funksjonearret as de plakferfanger fan 'e kaptein-op-see oan board fan gruttere skippen (lykas krusers en fleandekskippen), of fiert sels it befel oer lytsere oarlochsskippen (lykas fregatten of torpedoboatjagers).


© MMXXIII Rich X Search. We shall prevail. All rights reserved. Rich X Search